Earste twatalich diktee hâlden

19 nov 2009 - 09:36
  • Hylke Speerstra

Pytsje de Graaf fan Ternaard hat it earste twatalich diktee wûn. Se hie 12 flaters. It 'Dik2' wie woansdei yn Ljouwert en hie as doel jild yn te sammeljen foar it Fryske audioboek. Hylke Speerstra hat it diktee skreaun. Hedman Bijlsma fan Drachten wie twad mei 17 flaters en Saapke Miedema fan Ljouwert hie 18.

It Nederlânsk diktee waard wûn troch Bauke Nauta fan Ljouwert. Hy hie 13 flaters. Kity van Dongen 14 en Jorine Ploegh 15.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)