Oranje spilet 0-0 op It Fean

19 nov 2009 - 00:05

It Nederlânsk alvetal hat yn in saaie wedstriid mei 0-0 lykspile tsjin Paraguay. De wedstriid waard spile yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. It wie de twadde kear dat Oranje op It Hearrenfean spile. Earder spile Nederlân yn 1985 in oefenynterlân tsjin Bulgarije.

It stadion wie net folslein útferkocht, der sieten sa'n 25.000 minsken. Dy seagen dat it Nederlânsk alvetal en Paraguay net folle kânsen krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)