Clinic foar bern mei diabetes

Bas van de Goor
Proffollyballer Bas van de Goor hat woansdei in follybalclinic jûn foar bern mei sûkersykte. Van de Goor hat sels ek diabetes. Mei syn Foundation reizget Van de Goor troch it hiele lân om sjen te litten dat de sykte gjin handikap hoecht te wêzen om oan sport te dwaan.
Takom jier is der in sportdei yn it Noarden foar bern mei sûkersykte. De Bas van de Goor Foundation wol besykje it evenemint by Sportstêd Hearrenfean plakfine te litten.