NKP en LPF op ien list

18 nov 2009 - 17:06

De Nederlânske Klokkeliederspartij foarmet mei de LPF ien list foar de gemeenteriedsferkiezings. Se dogge yn Ljouwert mei. Ek oare fertsjintwurdigers fan nije politike partijen kinne op dy list. Potinsjele kandidaten foar de list kinne har oant heal desimber melde.

In wichtich ferkiezingspunt is dat amtners skorst wurde kinne as se min funksjonearje. Fierder moat Ljouwert in belangrike stêd foar saken yn Noardwest-Europa wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)