Nijbou CJIB begûn

De earste peal waard woansdei yn de grûn slein
De earste peal foar it nije gebou fan it CJIB is woansdei slein. Yn 2012 moat it gebou yn Ljouwert klear wêze. It hjoeddeistige gebou is te lyts foar alle wurknimmers. Dat komt om't it boetekantoar de ôfrûne jierren hieltyd mear wurk krigen hat.
De meiwurkers ynkassearje boetes foar justysje. Ek wurdt hiersubsydzje werom foardere foar it ministearje fan VROM. It CJIB is mei sa'n 1000 wurknimmers ien fan de grutste wurkjouwers yn it Noarden.