Famke (8) lestich fallen

18 nov 2009 - 14:13

In famke fan acht is tiisdei lestich fallen yn de wyk Tinga yn Snits. De plysje siket tsjûgen. In man frege it famke him it paad nei de Poiesz-supermerk te wizen. Hy twong it famke yn syn auto te stappen.

By de supermerk ried de man werom nei de wyk Tinga. It famke seach kâns om út de auto te kommen. Se fertelde dêrnei it ferhaal oan har mem dy't de plysje ynskeakele. De plysje wol graach mei minsken yn kontakt komme dy't wat sjoen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)