Wondaal gjin direkteur Omrop

18 nov 2009 - 12:53

Ynterim-direkteur Harm Wondaal fan Omrop Fryslân wurdt net de nije direkteur fan de Omrop. Hy lûkt him werom as kandidaat. Oer de kandidatuer fan Wondaal wie in soad te dwaan.

De ynterim joech earder oan dat er net de ambysje hie om as direkteur oan te bliuwen. Doe't bliken die dat er wol sollisitearre, ûntstie der nochal wat kommoasje oer syn kandidatuer. Wondaal bliuwt ynterim oant der in nije direkteur beneamd is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)