Ljouwert op Winterfair

18 nov 2009 - 12:49
  • Ljouwert op de Winterfair

Expeditie Leeuwarden stiet op de Margriet Winterfair. It doel is om de Fryske haadstêd op orizjinele wize te presintearjen. Op de fair komme sa'n 80.000 besikers. In grut part dêrfan binne froulju tusken 30 en 65 jier. Dit is in belangrike doelgroep, om't froulju faak beslute watfoar útstapkes dien wurde.

De stand fan Ljouwert stiet yn it ramt fan 100 jier Alvestêdetocht. De fair begjint freed yn de Jaarbeurs yn Utrecht en duorret in wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)