Beleaning foar gouden tip
De Faunabeskerming stelt in beleaning beskikber foar de gouden tip dy't it foksemystearje op Flylân oplost. De organisaasje hat de yndruk dat der net folle muoite dien wurdt om de minsken op te spoaren dy't de foksen fan 't simmer loslitten ha op it eilân. De bisten ha grutte skea oanrjochte ûnder de fûgels.
Faunabeskerming wol mei de beleaning fan tûzen euro it plysje-ûndersyk in gisel jaan. De dieders moatte pakt wurde, sa fynt de Faunabeskerming.