Stoarm om 13.00 it swierst

18 nov 2009 - 11:44

De stoarm berikt woansdei om in oere as 13.00 de heechste wynsnelheid. Op it Waad stoarmet it út it súdwesten. Der stiet krêft 9. Nei alle gedachten sil de wyn yn krêft noch wat mear tanimme. Yn it Waadgebiet kin dat krêft 10 wurde, dat is swiere stoarm.

Boppe lân waait it yn Fryslân krêftich oant stoarmich. Der kinne tige swiere wynstjitten foarkomme mei snelheden fan 95 oant 110 kilometer yn de oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)