Trije opsjes takomst provinsje

De provinsje moat yn de takomst mear saken útfiere en minder sels belied meitsje. Dat fynt it kolleezje fan Deputearre Steaten. Fanút it Ryk wurdt de kommende jierren miljoenen euro's besunige op de provinsjes. Foar Fryslân reden om in takediskusje te fieren mei it Ryk en de gemeenten.
Deputearre Steaten stelt no trije takomst-senario's foar, dêr't de steateleden op 16 desimber in kar út meitsje moatte. Amtners wurde woansdei bypraat oer de nije plannen.