Jild foar wynmûnepark Urk

17 nov 2009 - 20:34

De kâns dat foar de Iselmarkust by Urk in grut wynmûnepark komt, is wer grutter wurden. It ministearje fan Ekonomyske Saken jout ien miljard euro subsydzje foar de bou. As it park klear is, moat it 400.000 húshâldens fan stroom foarsjen.

Der is in soad wjerstân tsjin it park. Net allinnich fan ynwenners op Urk, mar ek fan minsken út Lemsterlân dy't benaud binne foar har útsicht. De betinkers fan it park binne dwaande mei it krijen fan fergunnings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)