Gaswinning terjochte stilset

De gaswinning oan de westkant fan Frjentsjer is terjochte stilset. Dat is de konklúzje fan deputearre Galema op in ûndersyk fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Ek dy konkludearret no dat de grûn op syn minst 28 sintimeter sakke is en dat is 10 sintimeter mear as dêr't gas- en oaljebedriuw Vermilion fan útgie.
De provinsje, mar ek gemeenten en it wetterskip binne bliid mei de útkomsten fan it nije ûndersyk.