Stipe foar yntinsive boeren

17 nov 2009 - 16:50

Boeren dy't yntinsyf buorkje op plakken dêr't de natuer it meast kwetsber is, krije de measte Europeeske lânbousubsydzjes. Dat docht bliken út ûndersyk fan Alterra yn Fryslân en de rest fan Nederlân. Alterra is ûnderdiel fan Wageningen Universiteit.

De subsydzjes wurde no noch betelle oan de hân fan wat bedriuwen yn it ferline produsearre hawwe en dat moat oars. Ek omdat de Europeeske Uny dat net mear akseptearret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)