Middlesbrough besjocht Popov

Goran Popov
Middlesbrough hat ynteresse yn Hearrenfeanspiler Goran Popov. Neffens de krante Makedonski Sport siet der in skout op 'e tribune by de oefenynterlân tusken Masedoanië en Kanada. Dy wedstriid wûn it Masedoanië fan Popov mei 3-0.
Middlesbrough naam earder Afonso Alves oer fan Hearrenfean. De Ingelske klup spilet no op it ien nei heechste nivo. Popov stiet by Hearrenfean hast oardel jier ûnder kontrakt.