Opsterlân makket ferkearsplan

Podden stekke altyd de Poostwei oer
De gemeente Opsterlân hat alles wat der de kommende jierren barre moat as it om ferkear en ferfier giet op in rychje set en berekkene hoefolle jild it kostet. Neffens dit konsept Ferkears- en Ferfiersplan is der 15 miljoen euro nedich, mar safolle jild hat de gemeente noch net.
Oant 2015 is der yn de begrutting rekken hâlden mei fiif miljoen euro oan útjeften. Ien fan de plannen is it oanpakken fan de Poostwei nei De Himrik ta.