Moardner nei 12 jier oppakt

17 nov 2009 - 12:41
  • It echtpear Schuiten. Famylje hold fertrouwen dat dieder pakt wurde soe

It duorre tolve jier, mar de oanbelangjenden hawwe altyd leaud dat de moardner fan it Snitser echtpear Schuiten nochris pakt wurde soe. It pear waard yn 1995 mei messtekken om it libben brocht.

De plysje hie in haadfertochte op it each. Dy waard troch sawol rjochtbank as gerjochtshôf feroardiele. De man, Chang, wie yn ôfwachting fan it heger berop frijlitten en kaam net mear opdaagjen. No is er yn Maleizië weromfûn en nei Nederlân flein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)