Sikehuzen betinke ferstoarnen
De Fryske sikehuzen steane op 23 novimber mei-elkoar stil by de minsken dy't ferstoarn binne yn in sikehûs. Yn elk sikehûs krije minsken fan wa't in famyljelid ferstoarn is en it personiel sels, de gelegenheid om dêrby stil te stean.
Minsken kinne in kearske brâne of blommen dellizze. It is in inisjiatyf fan de Feriening fan Geastlike Fersoargers Sikehuzen Fryslân.