Skoalbestjoeren fusearje

17 nov 2009 - 11:20

Skoallemienskip OSG Sevenwolden en de Skoallemienskip foar Beropstariedend Underwiis (SBO) sille op bestjoerlik nivo fusearje. De skoallen wurken al gear by it VMBO-ûnderwiis en biede al fiif jier de oplieding Sport, Tsjinstferliening en Feilichheid oan.

De bestjoeren hoopje dat troch de fúzje de kwaliteit fan it ûnderwiis better wurdt en dat de organisaasje der effisjinter troch wurdt. De skoallen presintearje ynkoarten it nije ûnderwiisoanbod.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)