Accell bliuwt posityf oer 2009

Fyts hieltyd populêrder
Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean ferwachtet oer 2009 mear winst te meitsjen en mear omset te draaien as yn 2008. It bedriuw spruts dy ferwachting earder ek al út, mar makket tiisdei bekend dat de omset- en winstferwachting gelyk bliuwt.
Troch alle omtinken foar mobiliteit en sûnens is it gebrûk fan de fyts hieltyd populêrder. Fierder bliuwt de belangstelling foar elektryske fytsen grut. De nettowinst giet dit jier mei likernôch 10% omheech.