Jildpine troch sykte

16 nov 2009 - 22:40

De Partij van de Arbeid yn Snits hat noed oer de finansjele soargen fan it Sintrum foar de Keunsten yn de stêd. It sintrum hat de gemeenten Snits en Wymbritseradiel om ekstra jild frege. Troch sykte binne der grutte tekoarten ûntstien. It giet om in heale ton.

De PvdA wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte oft sykte wol de wiere reden is fan it tekoart. Ek wolle se witte oft it kolleezje oplossings sjocht foar de jildpine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)