Mear begelieding Cambuurfan

16 nov 2009 - 22:27

De gemeente Ljouwert komt mei maatregels om geweld by wedstriden fan Cambuur te beheinen. Boargemaster Crone makket in heale ton frij foar de oanskaf fan twa mobile kamera's en in sosjaal projekt foar de begelieding fan supporters mei in stadionferbod.

In oare maatregel is in gearwurking mei kroegen yn de buert fan it Cambuurstadion. Supporters soene har dêr foar de wedstryd net mear dronken sûpe moatte kinne. Dit moat yn de takomst rellen foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)