Jong Hearrenfean út de beker

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen koe it moandeitejûn yn de achtste finale fan de KNVB beker foar belofteploegen net oprêde tsjin Jong Volendam. Yn it Kras stadion wûn Jong Volendam mei 3-1. De kombinaasjeploech fan trainer Johnny Jansen spilet yn de kompetysje in klasse heger, op it fjild wie dêr neat fan te sjen. Pawel Wojchiechowski makke it iennige Feanster doelpunt yn de earste helte út in stafskop.
Yn de twadde helte makke Jong Volendam dien wurk. Fan fan 1-1 waard it 3-1.