Goed 50 banen fuort by NHL

16 nov 2009 - 19:56

By de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert ferdwine goed fyftich folsleine banen. It giet om tydlike kontrakten. It Kolleezje fan Bestjoer slút twongen ûntslaggen net út. De maatregel is needsaaklik om't troch automatisearing minder minsken nedich binne.

Ek giet de skoalle fan fjouwer lokaasjes werom nei ien. De dosinten wurde ûntsjoen, de measte banen ferdwine by it ûndersteunend personiel. Neffens de NHL sil it ûnderwiis der net ûnder lije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)