Grutte oarder Hoekstra Suwâld

16 nov 2009 - 18:00

It bedriuw Hoekstra Suwâld hat in grutte opdracht krigen foar it ûnderhâld fan hûnderten wynturbines yn de Benelux. De opdrachtjouwer wurdt noch net bekend makke.

Troch dizze opdracht moat Hoekstra acht oant tsien minsken oanlûke. Dit is foar it bedriuw in hiele toer, omdat der gjin goeie opleidings binne foar dit wurk. Personiel moat technysk ûnderlein wêze, mar ek in goeie kondysje ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)