Untfierde frou ûntsnapte sels

Ludmilla Postma fan Jislum koe ûntkomme oan har ûntfierders
De 39-jierrige Ludmila Postma út Jislum koe tongersdei oan har ûntfierders ûntkomme doe't sy nei in oar plak brocht waard. Postma waard sneon foar in wike yn Ljouwert ûntfierd, mooglik troch minskehannelers.
Se waard tegearre mei in oare frou fêsthâlden, dizze Olga soe út Grins komme. Nei in pear dagen waarden se ferpleatst. Underweis koe frou Postma ûntkomme, de oare frou net. In team fan 35 man ûndersiket de saak.