Ride op Thialf wer yn de lift

16 nov 2009 - 12:55
  • Der wurdt wer mear riden op Thialf

It reedriden op keunstiis is wer tige populêr. By it Thialfstadion op It Hearrenfean is it folle drokker as oars. Oant no ta wiene der sa'n 4000 mear minsken op it iis as ferline jier om dizze tiid. Der nimme ek folle mear minsken les as ferline jier.

Oarsaak is de winter fan begjin dit jier. Doe koe der foar it earst sûnt jierren wer op natoeriis riden wurde en kochten in soad minsken nije redens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)