Gjin bûtenlânsk ôffal nei REC

De oven yn oanbou yn Harns
Der giet gjin Britsk ôffal nei de nije ôffaloven yn Harns, de REC. Dat seit in wurdfierder fan Omrin yn reaksje op it nijs dat minister Cramer de regels foar in ynfieren fan bûtenlânsk ôffal fersoepelje wol. Sa soe der wat dien wurde moatte oan de oerkapasiteit oan ovens. Dy oerkapasiteit jildt neffens Omrin mar foar in part foar de REC.
Dêr kin aanst 228.000 ton ôffal yn it jier ferbaarnd wurde, wylst berekkenings oantoane dat der sa'n 200.000 ton oanfierd wurdt.