Mear geweld tsjin plysje

16 nov 2009 - 12:37

It geweld tsjin plysjeminsken nimt yn Fryslân alle jierren ta. De lêste jierren binne der 110 ynsidinten melden. Plysjes wurde skopt, slein en útskolden. De aard fan it geweld wurdt ek hieltyd slimmer. Dat docht bliken út de gegevens fan it opfangteam fan de plysje Fryslân. Dat team jout neisoarch nei ynsidinten.

Dit wykein is in 33-jierrige plysjefrou yn Ljouwert swier ferwûne rekke doe't se by de oanhâlding fan in man út Harns mishannele waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)