Ton Doppenberg fuort by Omrin

Direkteur Ton Doppenberg fan Omrin giet mei pensjoen
Ton Doppenberg hâldt op as algemien direkteur by ôffalferwurker Omrin. Hy giet mei pensjoen. Wol sil er oanbliuwe as adviseur by spesjale projekten. Doppenberg stapt op yn in roerige tiid foar Omrin. Ferline wike makken twa gemeenten, Dongeradiel en Dantumadiel, bekend dat se út it gearwurkingsferbân stappe. Dat dogge se út protest tsjin de bou fan de ôffaloven yn Harns, de REC.
Doppenberg wie tsien jier direkteur fan Omrin.