Sjinkie Knegt nei Vancouver

16 nov 2009 - 08:24
  • Sjinkie Knegt kin nei Olympyske Spelen

Shorttracker Sjinkie Knegt hat him kwalifisearre foar de Olympyske Spelen yn Vancouver. De 20-jierrige Bantegeaster helle in tsiende plak op de 1000 meter yn it kwalifikaasje-toernoai yn it Amerikaanske Marquette. Mei de nominaasje dy't er al hie, wie in plak by de earste tolve genôch.

Mei de ôflossingsploech gong it minder. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma (Aldeboarn), Freek van der Wart en Niels Kerstholt waarden yn de heale finale diskwalifisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)