Earst gjin MFS Skearnegoutum

It doarp Skearnegoutum moat noch even geduld hawwe
Skearnegoutum krijt noch gjin multyfunksjoneel sintrum. De gemeenteried fan Wymbritseradiel moat earst foar 24 novimber in beslút nimme oer de lokaasje foar de nije skoalle yn it doarp. Docht de ried dat net, dan komt de nijbou faai te stean.
Der kin noch gjin sprake wêze fan in kombinaasje fan de nije skoalle mei it doarpshûs ta in multyfunksjoneel sintrum. De eksploitaasje is net yn oarder en der is gjin tiid foar mear ûndersyk, seit de wethâlder.