Mid-Fryslân wint fan SCO

De seleksje fan de winnende ploech
Mid-Fryslân hat de earste kompetysjewedstriid yn de haadklasse fan it sealkuorbal mei ien punt ferskil wûn fan SCO: 20-19. Yn sporthal De Twine fan Grou naam de thúsploech in 7-1 foarsprong. Mar SCO, de ploech út Aldeholtpea, kaam dêrnei sterk werom. By it skoft wie it 11-8.
De twadde helte waard spile ûnder heechspanning. Op 15-15 wie der foar beide ploegen noch fan alles mooglik. De gelokkichste wûn nei 18-18 en 19-19 mei 20-19.