Nederlânske ploech wint sulver

15 nov 2009 - 16:01
  • Elma de Vries, noch yn it âlde pak (argyffoto: Martin de Jong)

De Nederlânske reedrydsters hawwe snein by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean sulver wûn. Ireen Wüst fan It Hearrenfean, Diane Valkenburg en Elma de Vries, earder fan De Haule, kamen op Thialf ta in tiid fan 3.02,12.

Allinnich de Kanadeeske froulju Kristina Goves, Christine Nesbitt en Brittany Schussler wiene rapper yn 3.00,39. It brûns gong nei Ruslân mei in tiid fan 3.02,40.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)