Jansma nei Olympyske Spelen

Sybren Jansma
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is der hast wis fan dat er mei syn maten nei de Olympyske Spelen yn Vancouver giet. Remmer Jansma, Edwin van Calker, Arnold van Calker en Timothy Beck einigen sneon yn Park City yn de fjouwermansbob mei noch twa oare ploegen as tsiende.
In plak yn de top tsien is de eask foar foarmbehâld. Oer in tal dagen nimt de sportkoepel NOC-NSF in beslissing.