Stedsregio noch 10 jier troch

Stedsregio Ljouwert wurdt trochset
De gearwurking tusken de gemeente Ljouwert en syn buorgemeenten wurdt foar nochris tsien jier trochset. Tsien jier ferlyn setten Menameradiel, Tytsjerksteradiel, Boarnsterhim, Ljouwerteradiel en Ljouwert de stedsregio op foar de promoasje fan de Fryske haadstêd en omjouwing.
Op 11 desimber tekenje de boargemasters in nij konvenant. Troch de finansjele problemen yn Boarnsterhim mei dy gemeente in legere bydrage leverje.