Hurdere oanpak fandalen

15 nov 2009 - 13:12

Fandalen yn Wolvegea wurde tenei hurder oanpakt. De gemeente Weststellingwerf komt mei in pakket nije maatregels om fandalen it sa dreech mooglik te meitsjen. Yn it sintrum en yn de Vogelwyk wurde de lêste tiid in protte saken fernield.

Yn gearwurking mei de plysje, brânwacht en it jongereinwurk is in plan fan oanpak betocht. Op guon plakken wurde bankjes fuorthelle, boskjes wurde snoeid en der komt ek in slot de tagong fan it begraafplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)