Fjochterij yn Drachten
De plysje hat yn Drachten trije manlju oppakt fanwege fjochterij. It giet om twa ynwenners fan Grins fan 19 en 20 jier âld en in man fan 22 út Fryskepeallen. De trije wiene belutsen by in fjochtpartij op de Súdkade.
Se waarden oppakt omdat se trochgongen mei fjochtsjen, ek al joech de plysje opdracht dêrmei op te hâlden.