Beammen plante lâns A7

15 nov 2009 - 13:04
  • Beammen plante lâns A7

Rykswettersteat plantet de kommende wiken beammen lâns de A7 by Boalsert. Dat wurdt dien oan beide kanten fan de dyk. Fanwege it wurk is oerdei hieltyd ien fan de op- en ôfritten Boalsert-east ôfsletten.

Ferkear wurdt dan omlaat, de rûte stiet oanjûn mei buorden. Doel is dat it wurk ein dit jier klear is. Mocht it waar net meiwurkje dan soe it ek langer duorje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)