Lintsje foar oargelisten

15 nov 2009 - 11:23

Anne Osinga út Menaam is snein yn Dronryp keninklik ûnderskieden. Osinga waard beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau by de fiering fan syn fyftichjierrich jubileum as oargelist. Osinga begûn syn muzikale karriêre by de greformearde tsjerke yn Dronryp en omjouwing, dy is yntusken opgien yn in PKN-gemeente.

Neist oargelist wie Osinga ûnder oare ek aktyf yn de polityk, soarch en it kultureel erfguod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)