Earmbân nij Frysk sûvenir

Martijn Westphal út Grins hat mei it ûntwerp fan in earmbân de priisfraach Bagaazjedrager wûn. Dy wedstryd fan Keunstwurk wie bedoeld om in nij Frysk sûvenir te betinken. Yn de metalen earmbân fan Westphal binne Fryske sporten en ikoanen opnaam, lykas it skûtsjesilen, fierljeppen en swartbûnte kij.
De winner hat 2.000 euro krigen om syn ûntwerp fierder út te wurkjen. Dat jild waard him sneon yn Earnewâld útrikt troch deputearre De Vries.