Arjan Stroetinga wer de rapste

14 nov 2009 - 23:01

Arjan Stroetinga hat syn tredde maraton fan it seizoen wûn. Yn Den Haach wie hy rapste yn de massasprint fan de sechsde wedstriid dy't meiteld foar de Maraton Cup.

In protte riders gongen op aventoer, mar it peloton pakte alles werom. Stroetinga, dy't wachte hie op de lêste sprint, koe mei help fan syn ploech de winst pakke. Ploechmaat Bob de Vries waard twadde en bliuwt de lieder fan it klassemint. Sjoerd Huisman waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)