Twadde winst Hajé Flyers

Hans Kroon fan de Flyers (foto: Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha ek de twadde wedstriid yn de kompetysje wûn. Op it iis fan Thialf waard Nijmegen nei ferlinging mei 5-4 ferslein. De Romijnders Devils fan Nijmegen wûnen de earste perioade mei 1-0. De twadde perioade krige in 2-2 einstân mei Flyer doelpunten fan Brent Patry en Paul Vincent. John Gordon en opnij Paul Vincent soargen foar de 2-1 winst yn de lêste perioade.
Yn de ferlinging wie John Gordon alve tellen foar de ein spekkeaper.