Frysktalige stjerrekaart

14 nov 2009 - 17:34

By de folksstjerrewacht yn Burgum is sneon de earste Frysktalige draaibere stjerrekaart presintearre. It is in komplete stjerre-atlas yn lyts formaat. Dêr kinne jo jûns of nachts mei ôflêze hokker stjerren, stjerrebylden en oare objekten oan 'e himel sichtber binne.

It giet om in stjerrekaart mei folslein Fryske opdruk en gebrûksoanwizing. Der is sawat in jier oan wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)