Ireen Wüst wint 1500 meter

Ireen Wüst yn aksje (foto: Martin de Jong)
By de wrâldbekerwedstriden reedriden op It Hearrenfean is de 1500 meter wûn troch Ireen Wüst fan It Hearrenfean. Sy wûn yn in tiid fan 1.56,69.
Op it fyfde plak einige Anni Friesinger-Postma út Dearsum yn 1.57,82. Margot Boer út Grou waard achtste yn 1.58,72. It winnen fan de 1500 meter betsjut foar Wüst dat sy werom is fan in wat mindere perioade.