PvdA-riedslid giet oer nei FNP

14 nov 2009 - 15:43
  • Kees van Strien ferruilet de PvdA foar de FNP

PvdA-riedslid Kees van Strien hâldt fuortdalik op as riedslid fan Gaasterlân-Sleat. Van Strien stapt oer nei de FNP en fynt dat er him dan net mear ynsette kin foar de PvdA. Hy wol nei de ferkiezings yn maart graach yn de ried weromkomme foar de FNP.

Foarhinne wie Van Strien ek al riedslid foar de PvdA yn Gaasterlân-Sleat en yn Sleat. De PvdA is op syk nei in opfolger foar Van Strien, dy't oant de ferkiezings fan 3 maart takom jier syn plak ynnimme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)