Boek oer Jan Ykema

14 nov 2009 - 12:43

De Fryske sprinter fan eartiids, Jan Ykema, is wer hielendal werom. Dat docht bliken út it boek 'Pikstart, verslaving en comback van een hypersprinter' fan Menno Haanstra.

Ykema helle yn de jierren 80 in sulveren medalje op de Olympyske Spelen, mar rekke dêrnei it paad bjuster. Hy ferspile syn relaasjes, syn baan en syn hûs troch kokaïnegebrûk en bedarre as dakleaze yn in auto op in parkearterrein by Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)