Keninklike penning nei Arum

14 nov 2009 - 11:12

It Frysk Selskip Arum hat sneon in Keninklike Earepenning krigen. De ûnderskieding waard de feriening útrikt troch boargemaster Piersma fan Wûnseradiel. Dat wie by in reuny dêr't it selskip syn hûndert-jierrich bestean mei fiert.

It Frysk Selskip Arum waard oprjochte mei as doel de Fryske taal te befoarderjen. Hjoed-de-dei leit de neidruk op it alle jierren bringen fan in toanielstik yn de pleatslike kroech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)