Nij rekôr Domino Day

It nije rekôr (foto: Robertjan Boonstra)
De alfde edysje fan Domino Day hat freedtejûn in nij rekôr oplevere. Yn it WTC Expo yn Ljouwert foelen 4.491.863 stiennen. Dat wiene der hast 150.000 mear as by it âlde rekôr út 2008. Mei de stiennen wiene de sân kontininten op 'e wrâld útbylde.
Fan de fjouwer ûnderdielen dêr't meiwurkers noch ûnder de rekôrpoging stiennen foar delsette moasten mislearren der trije. Allinne de lêste slagge, wêrtroch in heal miljoen stiennen foel.