Hebo nimt oandielen oer
Hebo beton- en asfalt bv fan Skarsterbrêge hat in belang naam yn Productie Asfaltverwerking Nederland fan Grins. It bedriuw hat it oandielepakket oernaam fan de Haarsma groep fan Tsjerkwert.
Hebo wol mei de oername syn posysje fersterkje yn Noard-Nederlân. It bedriuw is benammen sterk op de agraryske merk. Mei de oername moat de merk fierder ferbrede wurde.